Undersyk nei dea frou Burgum

20 mrt 2010 - 12:59

De plysje docht ûndersyk nei de dea fan de 57-jierrige Femmy de Leeuw út Burgum. De frou is ûnder fertochte omstannichheden ferstoarn yn har wenning oan de Yp. Har 62-jierrige partner is oanhâlden. De dochter fan de frou hat de helptsjinsten warskôge.

De plysje en meiwurkers fan twa ambulânses hawwe besocht de frou te reanimearjen, mar dat slagge net. Omdat sawol it slachtoffer as de fertochte ferwûnings oan de holle hiene slút de plysje in misdriuw net út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)