Sneon ûndersyk yn Frjentsjer

20 mrt 2010 - 12:30

By fersoargingsflat Froonacker yn Frjentsjer wurde sneontemoarn foarbygongers frege oft se ferline wike wat sjoen ha dat liede kin ta de oplossing fan de moard op Pietsje Bouma. Alve plysjeminsken ûnderfreegje sneon de hiele dei passanten by de flat.

Eksakt in wike lyn waard de 69-jierrige frou Bouma yn har oanleunwente mei messtekken om it libben brocht. De plysje wurket mei tritich minsken oan de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)