Starterpriis foar popstudinten

© Omrop Fryslân
Wethâlder Isabelle Diks fan Ljouwert hat freed de fjouwer-jierlikse Jan Jansz. Starterpriis foar Poadiumkeunsten útrikt oan studinten fan de popopliedings D'Drive en de Academie voor Popcultuur. Neffens de sjuery ha de popstudinten fan beide opliedings it muzyklibben yn Ljouwert in grutte ympuls jûn.
De studinten wûnen mei de Starterpriis in jildbedrach fan 5.000 euro. Sy krigen de suggestje mei om it jild te brûken foar oefen-fasiliteiten.