Fermist famke fûn yn Ljouwert

De Ljouwerter Sweelinckstrjitte
In fermist famke fan 18 út Rotterdam is freedtenacht werom fûn yn Ljouwert. Se hat trije dagen fermist west. It famke waard weromfûn yn it wenhûs fan in 28-jierrige Ljouwerter oan de Sweelinckstrjitte. Hy is oanhâlden op fertinking fan ûntfiering.
Doe't it ûndersyksteam in spoar yn Ljouwert fûn, waard fanwege de earnst fan de saak midden yn 'e nacht in oprop ferstjoerd nei 3000 burgernetdielnimmers yn Ljouwert. It famke is oerdroegen oan har âlders.