Hearrenfean docht goeie saken

19 mrt 2010 - 22:38

Sportklup_Hearrenfean hat freedtejûn poerbêste saken dien troch mei 4-1 te winnen fan konkurrint NEC. De Nijmegenaren kamen wol op foarsprong troch in goal fan John Goossens. Dêrnei kaam Hearrenfean better yn de wedstriid en nei in heal oere skeat Gerald Sibon in strafskop binnen: 1-1.

Krekt nei it skoft makke Sibon syn twadde goal. Yn de slotfaze krige Hearrenfean noch in penalty, dy't Michel Breuer benutte. Samir Fazli bepaalde de einstân op 4-1.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)