Utslaande brân yn Sint Anne

19 mrt 2010 - 20:48

De brânwacht hat freedtejûn dwaande west om in útslaande brân yn in skuorre op de Aldebiltdyk by Sint Anne te blussen. In gaskachel is mooglik de oorsaak fan de brân.

De skuorre moat as ferlern beskôge wurde. De brânwacht hie it fjoer nei goed in oere ûnder kontrôle. In wenning neist de skuorre hat in protte reek- en wetterskea. Omlizzende hûzen binne út foarsoarch wiet hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)