Sel foar Roemeenske skimmers

Tsjin twa Roemenen fan 21 en 42 jier binne freed selstraffen easke fan 16 en 6 moanne. De mannen hawwe foarich jier yn ferskate supermerken yn Harns en Sint Anne pinpassen stellen.
De manlju seagen by it ôfrekkenjen de pinkoade ôf. Dêrnei diene se har foar as toeristen om sa op slûchslimme wize de paskes te stellen. De Roemenen hawwe dêrmei yn totaal goed 10.000 euro pind. Oer twa wiken docht de rjochter útspraak yn dizze saak.