Froulju Hearrenfean spylje lyk

19 mrt 2010 - 12:24

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean hawwe tongersdeitejûn op sportpark Skoatterwâld mei 1-1 lyk spile tsjin FC Twente. Sylvia Smit soarge foar in 1-0 foarsprong. De bêste kânsen wiene dêrnei foar de thúsploech, sa kopte Cynthia Beekhuis op 'e latte. Dochs wie it Marlous Pieëte dy't foar de lykmakker soarge.

Troch dit resultaat bliuwt Hearrenfean hekkesluter mei 13 punten. Likefolle trouwens as de froulju fan FC Utrecht, dat mei 2-0 ferlear fan AZ.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)