Gefaar kwaliteit earste help

19 mrt 2010 - 12:00

De kwaliteit fan de earste help yn lytsere sikehuzen yn Fryslân rint gefaar. Dat wurdt feroarsake troch in tekoart oan opliedingsplakken foar artsen op in earste help. Minister Klink fan folksûnens hat mar 51 opliedingsplakken oanwiisd en dat is neffens de sikehuzen fierste min.

Yn in brief oan de minister freegje de kliniken om mear opliedingsplakken. Ek yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten sitte se mei dat probleem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)