Komst Libregts hast rûn

19 mrt 2010 - 11:44

SC Hearrenfean hopet op koarte termyn ta in akkoart te kommen mei assistint trainer Raymond Libregts. "Raymond Libregts is de ienige kandidaat. Wy hawwe him in foarstel dien en hoopje der binnen 1 á 2 wiken út te kommen", sa seit algemien direkteur Yme Kuiper.

De komst fan Libregts is op útdruklik fersyk fan Ron Jans, dy't foar takom seizoen de nije trainer is fan SC Hearrenfean. Libregts wurket by FC Grins sûnt 2005 as fêste rjochterhân fan Ron Jans.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)