Rjochtút op rotonde
In 19-jierrige Westerener is sneintejûn mei de auto op in rotonde rjochtút riden en dêrnei op in boerd klapt. Hy rekke ferwûne by it ûngelok op de Rûnwei by Feanwâlden.
De brânwacht en ambulânsepersoniel hat him út de auto weihelle. De man is dêrnei mei de sike-auto oerbrocht nei it sikehûs. Der wie gjin alkohol yn it spul, sa die bliken.