Earste aaien Sm'lân en Gst'lân

19 mrt 2010 - 10:29

De 13-jierrige Grytsje Elzinga fan Aldegea hat it earste ljipaai fan de gemeente Smellingerlân fûn. Dat barde tongersdeitemiddei om 16.35 oere oan de Hegewarren yn Aldegea. It aai wurdt freedtemoarn oanbean oan boargemaster Bert Middel fan Smellingerlân.

Yn Gaasterlân-Sleat is tongersdeitejûn ek it earste ljipaai fûn. De finer wie de 64-jierrige Peter Punter fan Sleat. It aai lei yn it maislân tusken de Spanjaardsdyk yn Sleat en de Brandemar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)