Hurdrydster rydbewiis kwyt
In 57-jierrige frou út Dokkum hat tongersdei har rydbewiis ynleverje moatten, omdat se fierstente hurd oer de Lauwersseewei by Aldwâld ried.
De frou ried mei 141 kilometer yn 'e oere in snelheidskontrôle foarby, wylst de maksimumsnelheid dêr 80 kilometer yn 'e oere is. Se hat proses-ferbaal krigen en is it rydbewiis dus foarearst kwyt.