Opnij diskobusfernieler oppakt

Der is op 'e nij in Tsjummearumer oanhâlden dy't fertocht wurdt fan it fernielen fan de diskobus fan Berltsum nei Harns. Ein febrewaris ûntstie nachts rûzje tusken in groep Harnzers en Tsjummearumers. By de fjochterij rekken de ruten fan de bus stikken.
Earder waarden al trije ynwenners fan Tsjummearum oanhâlden. Dy sitte noch fêst. De 19-jierrige man dy't moandeitemoarn oanhâlden is, is ynsletten foar ûndersyk.