'Breuk mei Epke djiptepunt'

Gerard Speerstra
Turntrainer Gerard Speerstra sjocht de breuk mei Epke as it djiptepunt fan syn karriêre. Speerstra is sûnt woansdei offisjeel troch it gymnastykbûn KNGU oan de kant set. Yn totaal 18 jier wie Gerard Speerstra de trainer fan Epke Zonderland.
Speerstra hat gjin spyt fan de krityk dy't er jûn hat op it bûn, mar wol op de wize wêrop't er derút rekke is. Gerard Speerstra tinkt dat er noch wol kontakt hâlde sil mei Epke en nimt him neat kwea ôf oer de ôfrûne jierren.