Stasjonsgebiet oprêden

Foto: Omrop Fryslân
Yn it stasjonsgebiet yn Ljouwert binne in lyts hûndert fytsen oprêden. Skjinmakkers en meiwurkers fan de gemeente hellen de biezem troch it gebiet.
Ljouwert hat ôfspraken makke mei ûnder oare de plysje en de bus- en treinferfierders. De ôfspraken gean oer hoe't it stasjon skjinhâlden wurdt en wat dien wurdt om it feiliger te meitsjen. Fytsen wurde tenei stranger yn 'e gaten hâlden en de wachtromte op it busstasjon wurdt ek oanpakt.