Taksy riidt op griene stroom

Der wie al in ierdgasauto (foto: Omrop Fryslân)
De earste folslein elektryske taksy fan Nederlân is freed yn Ljouwert feestlik yn gebrûk naam. It buske is kocht troch de gemeente en wurdt ferhierd oan taksybedriuw Kijlstra. Dy brûkt de taksy, dy't rydt op griene stroom, foar ferfier fan skoalbern.
De gemeente stribbet dernei oer tsien jier ûnôfhinklik te wêzen fan fossile brânstoffen. Dêr past in elektrysk taksybuske hiel goed by. Al mei al binne der twa oanskaft foar 80.000 euro it stik.