Earste ljipaai Boarnsterhim
De 9-jierrige Aaltje Bergsma út Wurdum hat woansdeitemiddei it earste ljipaai fan de gemeente Boarnsterhim fûn. Aaltje fûn it aai yn in stik greide tusken Eagum en Wurdum yn de Eagumermar.
It aai wurdt freedtemoarn oanbean oan boargemaster Baas. Aaltje Bergsma krijt in oarkonde en in bedrach fan fyftjin euro.