Undersyk gymûngelok duorret

Foto: Omrop Fryslân
It duorret noch seker trije moanne foardat it ûndersyk fan 'e arbeidsynspeksje nei it gymûngelok yn Ljouwert klear is. Snein foel yn sporthal Kealledykje in ljochmêst op twa minsken. In famke fan 4 jier en in liedster fan 24 jier rekken swier ferwûne. De arbeidsynspeksje ûndersiket it ûngelok yn 'e mande mei de plysje. Mei beide slachtoffers giet it nei omstannichheden goed. It ûngelok barde by in útfiering fan 'e gymnastyk.