Sikehuzen moatte babylûk krije

18 mrt 2010 - 15:54
  • Addy Stoker (foto: Omrop Fryslân)

De Ljouwerter politikus Addy Stoker wol dat Nederlânske sikehuzen in babylûkje krije. Ut en troch wurde lytse poppen te fûnling lein. De ôfrûne wike barde dat twa kear, ûnder oare achter in ôffalkontener. Stoker begjint no mei in lanlike aksjekampanje. Yn Dútslân en België kinne memmen harren bern al op ferantwurde wize achterlitte by in sikehûs. It MCL fielt neat foar in poppelûk. It sikehûs twifelt oan 'e needsaak dêrfan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)