Earste ljipaai Kollumerlân

Tijmen Beets fan Augsbuert hat tongersdeitemoarn it earste ljipaai fan 'e gemeente Kollumerlân fûn, tusken de Lêste Stuver en de tsjerke yn syn wenplak. Dat is sawat op itselde plak dêr't de earste aaien fan 2008 en 2009 ek fûn binne.
De 13-jierrige Tijmen is jeugdlid fan de Fûgelwacht yn Kollum. Hy hat it aai oanbean oan loko-boargemaster Reinoud Koster fan Kollumerlân. Hy krige der in oarkonde, finerslean en in bosk blommen foar werom.