Skoalle-oerstap moat makliker

De oerstap fan de iene nei de oare oplieding soe ienfâldiger wêze moatte. Dat moat om foar te kommen dat jongeren sûnder diploma fan skoalle gean. Dat is ien fan de saken dêr't tongersdei op 'e dei fan 'e learplicht by stilstien wurdt.
Ut in enkête ûnder 250 MBO-learlingen docht bliken dat jongeren it dreech fine om in goede oplieding te kiezen. Dêr stiet foaroer dat njoggen op de tsien learlingen it wol hiel wichtich fynt in diploma te heljen.