Nij kontrakt Menzo tichterby

18 mrt 2010 - 13:20

Cambuur en Stanley Menzo komme hieltyd tichter by in kontraktferlinging. Menzo makket gjin geheim fan syn ambysje om heger op te kommen, mar der is gjin konkrete belangstelling fan oare klups.

Neffens Menzo is Cambuur dan de ideale klup. De Ljouwerters hawwe ambysjes en garandearje ek kommend seizoen in ploech dy't meidocht om de titel yn de Jupiler League. De spilersrie fan Cambuur wurdt ek noch om in miening frege. Ein maart falt de beslissing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)