Fit Cambuur klear foar Telstar

Cambuur is klear foar de útwedsrtiid freed tsjin Telstar. De groep is fit. Rudy Jansen en Jos van Nieuwstadt traine ek wer mei de groep mei. Reza Ghoochannejhad is noch skorst.
Cambuur spile ferline wike in hiele bêste earste helte tsjin FC Dordrecht. Trainer Stanley Menzo hopet dat syn spilers it wer opbringe kinne om sa te spyljen. As dat slagget, dan foarsjocht de trainer in groei yn de foarm fan syn groep yn oanrin nei de play-off wedstriden.