Soad âlderen frijwilliger

Foto: Omrop Fryslân
Seis op 'e tsien senioaren yn de gemeente Tytsjerksteradiel dogge frijwilligerswurk. Dat is de útkomst fan in ûndersyk ûnder hast twahûndert senioaren fan boppe de 55 jier. It tal is hast twa kear sa heech as it lanlik sifer. Se dogge benammen wurk foar tsjerken, soarchynstellings, sportferienings en organisaasjes lykas De Zonnebloem. It ûndersyk is útfierd yn opdracht fan de gemeente. Dy wol de gegevens brûke om nij belied te meitsjen.