Wer syktocht nei fermiste man

18 mrt 2010 - 11:39

Der wurdt tongersdei opnij socht nei de fermiste Adolf Mud út Drachten. De man is wei sûnt begjint febrewaris. Syn auto waard doe fûn oan de Grinslanner kant fan 'e Lauwersmar.

De plysje set tongersdei in helikopter yn om nei Mud te sykjen. Dat soe al earder, mar doe wie it waar te min. Oare syktochten, ûnder oare mei hûnen, hawwe neat opsmiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)