Earste ljipaai Ljouwert

18 mrt 2010 - 09:49
  • Foto: Omrop Fryslân

It offisjele earste ljipaai fan de gemeente Ljouwert is woansdeitemiddei om seis oere fûn tusken Wytgaard en de Swette. Hylke Hylkema fan Reduzum seach it lizzen.

Eins is it aai dat no fûn is al it twadde yn Ljouwert, mar it earste wie ek it earste fan Fryslân. Dêrom wurdt dit twadde aai it earste, offisjele gemeentlike aai. Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert krijt it tongersdeitemiddei om healwei fjouweren oanbean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)