CDA: Gjin besunigings op ynfra

17 mrt 2010 - 22:54

Der mei net besunige wurde op grutte ynfrastrukturele projekten yn Noard-Nederlân. Dat sei premier en beëage CDA-listlûker Balkenende woansdeitejûn op in partijbyienkomst yn Assen.

Bedragen dy't troch de oerheid tasein binne fanwege it net trochgean fan de Suderseeline moatte útkeard wurde, fynt Balkenende. Foar Fryslân giet it om stipe foar bygelyks de oanlis fan de Heak om Ljouwert en oanpassings foar it knooppunt by De Jouwer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)