'Grien ride moat goedkeaper'

17 mrt 2010 - 21:46

In nij kabinet moat it riden op duorsume brânstoffen noch folle oanlokliker meitsje. Dêrfoar pleitsje de provinsje en Fryske bedriuwen yn in brief dy't nei alle politike partijen stjoerd is.

Der wurdt frege om yn ferkiezingsprogramma's op te nimmen dat it riden op bygelyks griengas goedkeaper wurdt. De briefskriuwers stelle in ferleging fan de bytelling fan no tweintich persint, nei nul-komme-nul persint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)