Mooglik CO2 yn Fryske grûn

Piet Adema
Der moat in brede maatskiplike diskusje komme oer de opslach fan CO2. Dat fine Provinsjale Steaten nei oanlieding fan in foarstel fan de PvdA. Dy partij wol de útkomsten fan de proeven fan CO2 opslach yn Barendrecht brûke foar de diskusje yn Fryslân.
De PvdA wol ynsette op it tsjingean fan útstjit fan CO2 en it befoarderjen fan duorsume enerzjy. CO2 opslach yn Fryslân is pas oan de oarder at de proeven yn Barendrecht klear binne.