Opnames film op De Jouwer

17 mrt 2010 - 12:46

De Jouwer is tongersdei it toaniel foar opnames foar de film 'DSB the movie'. By de opnames sil ek gebrûk makke wurde fan it publyk. De film is it earste 'crowdsourcing' projekt yn Nederlân. Nei ferskate oproppen binne frijwillige filmploegen byinoar brocht.

De film giet oer de opkomst en ûndergong fan de DSB Bank. Fia de webside fan de film kinne minsken kieze út trije sênes. De sênes mei de measte stimmen wurde montearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)