Earste ljipaai Menameradiel

Metzlar mei boargemaster Van Delft (foto: www.menameradiel.nl)
Jan Metzlar fan Berltsum hat woansdeitemoarn om sân oere it earste ljipaai fan de gemeente Menameradiel fûn. It aai is fûn op in stik boulân oan de Earnseker by Menaam. Metzlar wurket by de gemeente en hat it aai fuortendaliks oanbean oan boargemaster Van Delft. Yn 2008 fûn Metzlar ek al it earste ljipaai fan syn gemeente.
Klaas Postma fan It Hearrenfean hat woansdei it earste ljipaai fan Skarsterlân fûn. Boargemaster Kuiper krijt it aaike woansdeitemiddei.