Weriepeningsfeest jongerenhûs
De bewenners fan it Huis voor Jongeren yn Ljouwert sille op 27 maart in grut feest jaan. Dêrmei fiere se de weriepening fan it gebou oan de Huzumerleane. Yn febrewaris ferline jier waard it gebou troch in brân foar in part ûnbewenber.
Nei de brân is it gebou ferboud. Dat hat njoggen moanne duorre. Der is no plak foar tweintich jongeren.