FNP yn kolleezje T'diel

It kolleezje fan de gemeente Tytsjerksteradiel sil de kommende perioade bestean út it CDA, PvdA en FNP. De Fryske Nasjonale Partij komt dêrmei werom yn it deistich bestjoer fan de gemeente.
It foarige kolleezje bestie út allinne it CDA en PvdA. De FNP wie de grutte winner fan de ferkiezings mei in winst fan twa sitten. De PvdA ferlear trije sitten en it CDA rekke der ien kwyt. Alle partijen sille ien wethâlder leverje. No binne dat der noch fjouwer.