Earste aai fan Nederlân opiten

It echte earste ljipaai fan Fryslân yn 2010
It earste ljipaai fan Nederlân dat tiisdei om 9.15 oere fûn is by Bunschoten, is opiten! Finer Alex van Twillert hie it ljipaai foar kontrôle oanbean oan in kontroleur fan de stichting Behoud Natuur en Leefmilieu.
De kontrôle koe lykwols net goed dien wurde, omdat it ljipaai lottere waard yn streamend wetter. De kontroleur hat dêrnei it aai opiten. Van Twillert ûntkent dat yn in petear mei Omrop Fryslân Aktueel, mar RTV Utrecht hat der bylden fan.