Ferhaal heit ferwûne gymfamke

16 mrt 2010 - 15:21

It famke fan fjouwer dat snein by in ûngemak yn it Kealledykje yn Ljouwert slim ferwûne rekke, knapt goed op en hâldt mooglik neat oer fan it ûngelok.

It famke rekke ferwûne doe't by in útfiering fan de Gymnastiekferiening Ljouwert in swiere stellaazje mei ljochten boppe op har en op in 24-jierrige liedster foel. De heit en mem en it broerke fan it famke sieten op de tribune en seagen it ûngelok foar harren eagen gebeuren. Se binne bliid dat it goed ôf liket te rinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)