Fergees nei iepen dagen
Wa't it kommend wykein nei de iepen dagen yn de soarch wol, kin fergees mei de bus. No sneon ha ferskate soarchynstellings de doarren iepen foar belangstellenden.
Yn gearwurking mei de ferfierders Q-buzz en Connexxion binne de buskaartsjes dus fergees. It is de tsiende lanlike iepen dei yn de soarch.