Broek-Súd krijt 50 nije huzen

16 mrt 2010 - 12:03

It plan fan oanpak foar de bou fan sa'n 50 wenningen by Broek-Súd by De Jouwer, moat dizze simmer klear wêze. De earste huzen kinne dan op syn gaust oer twa jier boud wurde. De plannen giene yn earste ynstânsje út fan 500 wenningen, mar troch de resesje is dat oantal bot werom brocht.

It is noch wol hieltyd de bedoeling dat de wyk klimaatneutraal wurdt. Sa moat der enerzjy wûn wurde út sinne en wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)