Mooglike oarsaak gymûngelok

In losse boarchpen is de mooglike oarsaak
In losse boarchpen yn in poat fan de ljochtynstallaasje is mooglik de oarsaak fan it omfallen snein fan de ljochtynstallaasje yn de Ljouwerter Sporhal Kealledykje. Dat is in earste konklúzje fan it ûndersyk troch de technyske resjerzje.
Om't de pen net goed siet, klapte ien fan de poaten yn en foel de hiele ynstallaasje om. Dêrby rekken in 4-jierrich famke en in 24-jierrige liedster ferwûne. Hoe't it koe dat de pen net goed siet wurdt noch ûndersocht.