Oerdekt boartersplak Skylge

Binnen boartsje as it bûten net kin
Der komt in nij oerdekt boartersplak foar bern op Skylge. Neffens inisjiatyfnimster Daniëlle de Haan-Bruinenberg docht út ûndersyk bliken dat dêr wol ferlet fan is. It nije boartersplak Okidoki komt oan de Sportlaan yn Skylge-West, neist it swimbad. Der kinne 200 bern yn it boartersplak. It is foar bern oant 12 jier.
De provinsje stipet it inisjiatyf mei in finansjele bydrage fan 50.000 euro.