Snits: paradys foar mosken

Der brekke moaie tiden oan foar de mosken yn Snits
Snits wurdt foar de mosk en oare fûgels de ideale stêd om in nij wenplakje te finen. De gemeente en de pleatslike fûgelwacht makken in begjin mei it útdielen fan mear as 200 nêstkasten. Yn de lokale krante wie in oprop dien foar frijwilligers dy't sa'n kastke ha woene, yn koarte tiid wiene se fuort.
Fan 1960 ôf is it tal mosken yn stêden mei 60% weromrûn. Dit inisjatyf moat dy trend tsjinhâlde.