Saak Tom Oldenbroek op AVRO-tv

De saak Tom Oldenbroek jûn yn Opsporing Verzocht
De rekonstruksje dy't de plysje makke hat fan de lêste oeren fan Tom Oldenbroek út Parregea wurdt tiisdei útstjoerd yn Opspoaring Verzocht. Tom Oldenbroek waard op 18 febrewaris 2000 dea fûn yn in sleat by Skraard.
De plysje fûn gjin oanwizings foar in misdriuw, mar de lêste moannen is der nije ynformaasje kaam. Dat is foar it OM oanlieding om opnij ûndersyk te dwaan. Opspoaring Verzocht wurdt jûn útstjoerd op Nederlân 1, krekt foar 10 oere.