Hearrenfean-Willem II - 0

16 mrt 2010 - 08:55

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean hawwe de ynhelwedstriid tsjin Willem II mei 2-0 wûn. Fral op basis fan de twadde helte wie dy útslach mear as terjochte.

Troch de hurde wyn wiene der yn it earste bedriuw amper kânsen te notearen. Yn de twadde helte wie dat oars en kamen de Feanster froulju goed út de startblokken. Yn de 47ste minút soarge Marije Brummel foar de 1-0. Yn de 67ste minút bepaalde Nangila van Eyck de einstân op 2-0.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)