Nij festival yn Stiens
Fryslân hat der wer in nij popfestival by. It festival mei de namme TerpPop wurdt oankommende april hâlden yn Stiens.
TerpPop is in inisjatyf fan de lokale omrop Radio Middelsé. Neffens harren is der op it stuit in protte ferlet oan in festival yn it noarden fan de provinsje. Op de rol steane bands lyk as Mariusz en Muzikanten en The Starfish Bowl.