'Bliuw wiken opknappen'

It nije kabinet moat in soad omtinken jaan oan it opknappen fan fertutearze wiken yn grutte stêden. Dy oprop docht wethâlder Roel Sluiter fan Ljouwert. Hy hâldt takom moanne op as wethâlder.
Sluiter hat him de ôfrûne acht jier bot ynsetten om de minne wiken yn Ljouwert op te knappen. It giet dan om de probleemwyk Heechterp-Skieringen, mar ek de Vrijheidswyk en Achter de Hoven/Vegelin. De kommende jierren moatte noch seis Ljouwerter wiken oanpakt wurde.