Gjin strengere easken sporthal

It ûngelok yn de Ljouwerter Sporhal Kealledykje is foar ferhierder BV Sport gjin reden om strengere easken te stellen. Dat seit direkteur Smaal fan BV Sport. Neffens him is de sportferiening dy't de hal hiert sels ferantwurdlik foar wat dêr bart.
By in ûngelok mei in ljochtynstallaasje dy't omfoel rekken snein twa minsken slim ferwûne. In 4-jierrich famke en in 24-jierrige liedster fan de Gymnastykferiening Ljouwert.