Bedriuw ljochtmêst skrokken

15 mrt 2010 - 16:00

By Profacilities yn Drachten binne se bot skrokken fan it ûngemak mei ien fan harren ljochtynstallaasjes snein yn in sporthal yn Ljouwert. De swiere ynstallaasje foel om boppe-op in famke fan 4 en in 24-jierrige liedster fan Gymnastykferiening Ljouwert.

De minsken fan Profacilities hawwe al 20 jier ûnderfining mei it opbouwen fan sokke ynstallaasjes en soks hawwe se noch nea earder meimakke. Om't se net krekt witte wat der bard is, wolle se noch net foar de radio reagearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)