Skjinmakaksje stasjon Ljouwert

15 mrt 2010 - 13:52

By it stasjon yn Ljouwert is kommende tongersdei in grutte skjinmakaksje. Dêrby wurde ûnder oare stikkene fytsen fuorthelle, dy't al hiel lang de stallingen beset hâlde. Fierder wurde de strjitten en paden fage en wurdt smoargens yn de omjouwing fan it stasjon oprêden.

De grutte skjinmakaksje is in gearwurking fan de gemeente, de NS, Caparis en in skjinmakbedriuw.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)