Dûkteams brânwacht net feilich

15 mrt 2010 - 12:10
  • Brânwachtdûkers oan it oefenjen

De feilichheidssituaasje by hast alle dûkteams fan de brânwacht is bysûnder soarchlik. Ek yn Fryslân. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Arbeidsynspeksje.

Oanlieding foar it ûndersyk binne trije deadlike dûkûngelokken de lêste jierren yn ús lân. Der is te min kennis oer it dûken en men soe net goed ynspylje kinne op needsituaasjes. De brânwacht yn Fryslân hat fiif dûkteams. Sy binne al drok dwaande mei ferbetterings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)