Gjin oanpak fytsrûte Sint Nyk

Skarsterbrêge moat 30 km-sône wurde
De gemeente Skarsterlân nimt earst noch gjin maatregels om de fytsrûte tusken Sint Nyk en De Jouwer feiliger te meitsjen. Twa moanne lyn rôpen de skoallen fan Sint Nyk, Langwar en Skarsterbrêge it gemeentebestjoer op de feilichheid foar fytsende skoalbern te ferbetterjen.
Op termyn moat Skarsterbrêge 30 kilometer-sône wurde. De dyk nei De Jouwer wurdt 60 kilometer-gebiet as it knooppunt oanpakt wurdt. Ek de krusing mei de dyk nei Langwar moat feiliger.